NNRD-site yn Frysk en Saksysk

11 jun 2010 - 17:40
  • De website fan de NNRD yn it Drints

Offalbedriuw NNRD hat harren website nnrd.nl fjouwertalich makke. De site is no beskikber yn it Frysk, Drintsk, Grinslânsk en Nederlânsk. It bedriuw docht dat omdat se meiwurkers út it hiele noarden hawwe en boppedat it noarden as wurkgebiet hawwe.

NNRD fynt it fan belang dat eltsenien him thús fielt en ek de romte hat om de taal fan syn of har foarkar te brûken, sa lit it bedriuw witte. Neffens NNRD is harren site de earste yn it Drintsk, Grinslânsk en Frysk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)