NNO op Aldehoustertsjerkhôf

13 aug 2010 - 16:32
  • It NNO jout in konsert by de Aldehou

It Noard-Nederlânsk Orkest, it NNO, út Grins jout op 26 augustus in fergees konsert op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. It konsert is de ôftraap fan it nije seizoen 2010-2011. It is tradysje foar it NNO om it publyk in fergees konsert oan te bieden om sa sjen te litten dat se werom binne fan fakânsje, mar it is foar it earst dat se dat ek yn Ljouwert dogge.

Neist it konsert yn Ljouwert sille se ek noch spylje yn Grins en yn Blauwestad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)