NNO moat besunigje

19 apr 2004 - 00:00

It Noord Nederlands Orkest, it NNO sil of minsken dien jaan moatte of minder faak optrede. Dat is de konklúzje fan direkteur Vierkant neidat moandei bekend waard dat it NNO op 'e nij besunigje moat. Yn 'e advysnota fan 'e Ried foar Kultuer krijt it orkest 240 tûzen euro minder subsydzje.

It NNO is net de iennichste kulturele ynstelling yn Fryslân dy't der min útkomt. Deputearre Mulder wol dêrom by it ryk mei de fûst op tafel slaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)