NNO lûkt mear publyk

23 mrt 2004 - 00:00

De konserten fan it NNO ha dit seizoen 13 prosint mear besikers lutsen as ferline jier. Neffens de direkteur komt dat troch de programmearring. Troch in ferskaat oan produksjes hope it NNO mear en oar publyk nei de konserten te lûken. Dy oanpak hat fertuten dien.

Ek yn it nije seizoen set it NNO dizze line troch. It orkest bringt in streektaalprojekt. Tekstskriuwers en komponisten skriuwe lieten yn it Drintsk, Grinslânsk en Frysk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)