NNO krijt mear jild

22 sep 2008 - 14:02
  • It Pink Floyd-konsert fan it NNO

It Noord Nederlands Orkest liket út de finansjele problemen. De Twadde Keamer hat yn it begruttingsdebat fan ferline wike 10 miljoen euro ekstra ôftwongen foar kultuer. De ferwachting is dat sa'n oardel miljoen euro fan dat bedrach nei it noarden giet.

It NNO soe yn elts gefal mear as 2 ton krije. Dat betsjut dat it orkest gjin bysûndere konserten hoecht te skrassen. Direkteur Vierkant fan it NNO is hjir bliid mei mar bliuwt foarsichtich oant it jild der is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)