NNBT freget útstel betelling oan

23 maaie 2003 - 00:00

It Noard Nederlânsk Buro foar Toerisme, it NNBT, freget no moandei útstel fan betelling oan. Foarsitter Ryan Schepers fan it bestjoer kundiget dat oan yn in brief oan alle leden fan Provinsjale Steaten yn Fryslân, Grinslân en Drinte.

Yn de trije provinsjes wurdt moandei in gearkomste fan de Steaten hâlden. It NNBT wol minsken dy't jild stutsen ha yn de boekingssintrale fan it buro, útbetelje foardat útstel fan betelling oanfrege wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)