NMV yn aksje foar de molkpriis

22 sep 2004 - 09:19

De Nederlandse Melkveehouders Vakbond NMV wol in nije feriening oprjochtsje dy't stride moat foar in bettere molkpriis. Dat hat it NMV tiisdei bekend makke. De nije feriening hjit Dutch Dairy Board. De board moat safolle mooglik molkfeehâlders ferienigje om sa priissetter te wurden.

It NMV is slim besoarge oer de lege molkpriis en tinkt dat it Europeeske suvelbelied de helte fan 'e Nederlânske molkfeehâlders de kop kostje kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)