NMV fiert aksje yn Den Haach

09 apr 2009 - 19:24

It molkfeehâlders fakbûn NMV sil op 14 en 15 april yn Den Haach aksje fiere foar in bettere molkpriis. Bestjoerders fan it bûn wolle mei in oernachting op it plein foar it keamergebou de polityk wize op it belang fan stjoeren fan fraach en oanbod.

Om't de merk it ôfrûne jier oerfuorre is mei molke is de priis flink sakke. Dat hat grutte konsekwinsjes foar de molkfeehâlders, sa seit it bûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)