NMA kritysk oer Nieuwe Stempel

26 jun 2009 - 13:45
  • Notaris Anna de Vries fan De Nieuwe Stempel

In groep Fryske notarissen, feriene yn De Nieuwe Stempel, fynt net dat se priisôfspraken meitsje. Fan 'e wike kaam yn it nijs dat in tal Fryske notarissen in minimumpriis ynstelle wolle foar tariven foar harren wurk.

De NMA, de Nederlandse Mededingings Autoriteit, wol no graach krekt witte wat de bedoeling is. De NMA wol net reagearje oant it petear plakfûn hat. Mar neffens notaris Anna de Vries fan Oerterp fan de Nieuwe Stempel is de minimumpriis nedich om te oerlibjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)