NMa beskuldiget Rentex

15 des 2011 - 11:15

Waskerijbedriuw Rentex Floron yn Boalsert ûntkent beskuldigingen fan de NMa dat it de Mededingingswet oertreden hat. De NMa hat de ôfrûne tiid ûndersyk dien nei ôfspraken dy't Rentex Floron makke hawwe soe mei in tal oare waskerijen. Dêrby soe ûnder oaren ôfpraat wêze hokker bedriuw yn hokker part fan it lân aktyf is.

Rentex Floron ûntkent de ôfspraken net, mar seit dat dy net by wet ferbean binne. It bedriuw giet dêrom yn berop tsjin de útspraak fan de Mededingingsautoriteit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)