NLTO wol mear skeafergoeding

01 sep 2004 - 10:07

De NLTO is it folslein ûniens mei de lytse skeafergoeding dy't boeren yn Noardwest-Fryslân krije as se troffen binne troch brúnrot. De boeren binne oansletten by in ûnderlinge fersekering, de saneamde Potatopoll.

Neffens de betingsten hawwe se rjocht op in fergoeding fan in 7500 euro foar in bunder setjirpels mei de brúnrot- besmetting. De potatopoll wol mar 20 prosint útkeare omdat de jirpels dochs al bedoarn wiene troch it wiete lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)