NLTO wol betrouwen leden werom

25 jul 2001 - 00:00

De NLTO set mei in kampanje út ein om it betrouwen fan syn leden wer werom te winnen. Troch de tongblierkrisis hat de organisaasje it kontakt mei de boeren ferlern. Dy hiene bytiden grutte krityk.

De NLTO wol tenei dúdliker stânpunten ynnimme sadat de boeren witte wêr't se oan ta binne. De leden hawwe dêr sels om frege yn de saneamde praatbyienkomsten de ôfrûne tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)