NLTO warskôget foar phytophtera

06 jun 2003 - 00:00

De NLTO ropt jirpelboeren op om goed te spuitsjen tsjin jirpelsykte phytophtora. Troch it waarme waar fan 'e ôfrûne dagen is de skimmelsykte al útbrutsen yn parten fan Grinslân en Drinte. Phytophtera is bysteat om blêd en knol fan 'e jirpels folslein te ferneatigjen. De skimmelsykte kin oerbrocht wurde troch de wyn.

It gefaar foar de sykte is no folle earder yn it seizoen as oars. It advys fan 'e NLTO is goed en faak sproeie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)