NLTO oer it lânboubelied

19 des 2001 - 00:00

Yn Smellingerlân en Opsterlân sille yn de takomst minder boeren wurkje. De NLTO ferwachtet dat it tal boeren mei tritich prosint weromrint.

Yn it lânbou-ûntwikkelingsplan stiet dat de NLTO tinkt dat der plak bliuwt foar lânbou, om't der genôch romte foar útwreiding is. Yn de buert fan Drachten is de grûn lykwols nedich foar huzen en bedriuwen. Dêr ferdwine de boeren al.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)