NLTO freget help boeren

26 aug 2000 - 14:06

De NLTO freget Fryske boeren problemen mei rioeloerstoarten by har te melden. De boere-organisaasje wol mei de boeren yn kaart bringe wêr't de problemen mei oerstoarten lizze.

Fersmoarge rioeloerstoarten kinne by kij sûnensproblemen feroarsaakje, sa as ûnfruchtberheid. Yn Fryslân binne op dit stuit 143 risikofolle oerstoarten. Dy moatte foar 2002 saneard wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)