NLTO docht net mei oan aksje

18 jan 2004 - 00:00

De NLTO docht net mei oan de Europeeske aksjedei foar in better suvelbelied. Leden fan it Nederlânsk Melkfeehâlders fakbûn sille tiisdei yn Den Haach aksje fiere tsjin de lege molkprizen.

Om wat oan dy prizen te dwaan fynt it bûn dat der yn Nederlân minder molke produsearre wurde moat. Dêrtroch is der minder oanbod en giet de priis omheech. De NLTO tinkt dat de frije hannelsmerk net mear te kearen is en dat skaal- fergrutting in bettere oplossing is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)