NLTO: Brinkhorst mei net bliuwe

23 aug 2001 - 00:00

It is útsletten dat Minister Brinkhorst noch in kabinetsperioade oanbliuwt as minister fan Lânbou. Dat fynt NLTO-baas Harm de Kroon. Brinkhorst makke tiisdei ekskuses foar syn opmerking yn 'Opzij' dat guon boeren 'bargetriennen' gûlden tidens de tongblier-krisis.

De Kroon fynt de ekskuses fan Brinkhorst ûnfoldwaande. "De minister hat der gjin idee fan wat der by de boeren libbet."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)