NLP wol iisbaan fan 400 meter

23 sep 2009 - 14:38
  • NLP wil nije iisbaan fan 400 meter ha

De Nieuwe_Leeuwarder_Partij fynt dat Ljouwert in iisbaan fan 400 meter krije moat. Earder waard it plan foar in nije iishal nei bûten brocht. Yn dat plan is in baan fan 333 meter opnaam. De besteande iisbaan fan no hat ek dy lingte. Neffens de NLP is de eksploitaasje fan in 400 meter-baan makliker. Thialf is ek 400 meter.

De partij freget it kolleezje de mooglikheid foar de oanlis fan in langere baan te ûndersykjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)