NLP wol debat oer swimbad

04 jul 2003 - 00:00

De Nieuwe Leeuwarder Partij wol dat de gemeente nei de simmer praat oer de sluting fan swimbad it Kealledykje yn Ljouwert. De twakoppige fraksje is fernuvere oer de problemen dy't dizze wike nei bûten kamen.

It swimbad giet yn novimber definityf ticht, wylst in nij swembad op syn betiidst yn 2007 klear is. Neffens de partij komme swimmers yn de knipe troch it treuzelerij fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)