NLdoet hat 600 oanfragen krige fan putsjes yn Fryslân

02 feb 2016 - 22:06
  • De Nieuweburen yn Ljouwert wurdt griener makke by in eardere NLdoet

Yn Fryslân binne foar de 14e edysje fan NLdoet hast 600 putsjes opjûn. Nea earder binne der neffens de organisaasje yn dit stadium safolle oanmeld.

NLdoet is in inisjatyf fan it Oranje Fûns. Op freed 11 en sneon 12 maart is it de bedoeling dat minsken frijwillich de hannen út de mouwen stekke om putsjes te dwaan. Sa siket soarchsintrum Mariënbosch op It Hearrenfean minsken dy't helpe wolle om in feestmiel te meitsjen foar bewenners. En soarchbuorkerij Moai Seldsum út Oentsjerk kin wol wat help brûke by de oanlis fan in grientetún.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)