NL-keatsers yn heale finale

27 aug 2012 - 15:29
  • WK keatsen 2012

Op it WK keatsen hat it Nederlânske team him ferrassend pleatst foar de heale finale fan it ynternasjonale spul. Yn de beslissende wedstriid wûn de ploech mei 6-3 fan Kolombia. Pûlwinners België, Italië en Spanje hiene harren al pleatst foar de heale finale.

Nederlân spilet tiisdei yn de heale finale om twa oere tsjin Spanje. Om ien oere spylje België en Italië. De keatsers dy't foar Nederlân útkomme binne Van der Veen, Kootstra, Steenstra, Meekma, Broersma en wiksel Wassenaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)