NKP wol subsydzje gemeente

28 feb 2007 - 11:35
  • Joeri Wiersma fan de NKP

Lokale of regionale politike partijen moatte ek subsydzje krije kinne. Dat fynt de Klokkeliederspartij NKP. De rjochter yn Ljouwert is woansdei frege om in útspraak.

Grutte lanlike partijen krije subsydzje fan it ryk, lytse lokale of regionale partijen moatte foar jild by de gemeente of provinsje wêze. Dy binne lykwols net ferplicht dat ek te jaan. Ljouwert beslute yn 2005 al om de NKP gjin subsudzje te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)