NKP wol stipe foar ferkiezings

31 jul 2009 - 16:01
  • Joeri Wiersma

De Klokkeliederspartij NKP freget minister Ter Horst, de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert om in subsydzje fan 80.000 euro.

It jild moat it mooglik meitsje foar de partij fan Joeri Wiersma om mei te dwaan oan de gemeenterieferkiezings yn 2010. Mei it jild wol de NKP kandidaten sykje, har kursussen oanbiede en posters ferspriede. De partij, dy't tsjin in jildferslindende bestjoerskultuer is, krige yn it ferline faak gjin subsydzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)