NK trijebannen yn Lollum

13 jan 2007 - 17:38
  • NK trijebannen yn Lollum

Lollum is dit wykein it striidtoaniel fan it biljerten. Troch hiel Nederlân binne foarrondes hâlden foar it NK trijebannen. De bêste acht finalisten stride foar de titel kampioen fan Nederlân. De biljertferiening fan Lollum/Waaksens hat yn it ramt fan har 40-jierrich bestean de organisaasje fan it NK op him nommen.

Snein is de finale en dan is de nije Nederlânsk kampioen trijebannen bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)