NK sprint: Nijenhuis wint 500 m.

08 jan 2006 - 08:12

Reedrider Beorn Nijenhuis hat sneon by de nasjonale kampioenskippen sprint yn Assen de 500 meter wûn. Syn tiid wie 36,70. Op it twadde plak einige titelferdigener Gerard van Velde, foar Jacques de Koning.

Erben Wennemars, wrâldkampioen sprint, waard sechde. Wennemars en Nijenhuis ha in beskerme status foar de wrâldtitelstriid oer twa wiken op It Hearrenfean. Simon Kuipers docht dit wykein net mei fanwege in blessuere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)