NK sprint foar Sjoerd de Vries

04 mrt 2007 - 17:25
  • Sjoerd de Vries yn aksje (foto: Martin de Jong)

Sjoerd de Vries fan Twellingea is dit wykein Nederlânsk kampioen sprint by de junioaren wurden. Yn Den Haach wûn De Vries twa kear de tûzen meter. Op de fiifhûndert meter waard er twa kear twadde.

Sjoerd de Vries waard ferline wike al wrâldkampioen allround by de junioaren. Yn it frouljustoernoai wie der in tredde plak foar Marrit Leenstra út Wikel. Ingeborg Kroon fan Snits waard fyfde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)