NK skeelerjen yn Snits

19 jun 2010 - 09:12
  • It Schuttersveld-kompleks
  • Manon Kamminga en Elma de Vries

Op de baan fan Snits wurdt dit wykein it NK skeelerjen op 'e dyk ferriden. Dit NK bestiet út fjouwer ôfstannen en per ôfstân is in nasjonale titel te fertsjinjen. Freed stienen de 200 meter tiidrit en de 15 en 20 kilometer ôffalkoers op it programma.

Bianca Roosenboom wûn twa kear goud, Manon Kamminga fan Haulerwyk pakte twa kear sulver. Ploechgenoate Elma de Vries, reedrydster en mearfâldich skeelerkampioene, pakte twa kear brûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)