'NK skaken bliuwt yn Ljouwert'

30 jun 2004 - 11:48

It kontrakt mei haadsponsor Essent rint nei dit jier ôf. Dochs is it organisaasjekomitee fan it NK skaken posityf om it toernoai ek de kommende jierren yn Ljouwert te hâlden. Dat sei foarsitter Sytze Faber tiisdei by de offisjele iepening fan it 61e NK skaken.

De gemeente Ljouwert, de provinsje en it Wetterskip Fryslân bliuwe it toernoai stypjen. Mei Essent wurdt yn septimber praat oer in mooglike ferlinging fan it kontrakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)