NK sinneboatrace yn Akkrum

30 maaie 2014 - 16:22

Yn en om Akkrum is freed it Nederlânsk kampioenskip sinneboatrace begûn. Dielnimmer farre in rûntsje fan 27 kilometer. Teams út it hiele lân binne dêrfoar ôfreizge nei de betiden smelle farwetters fan it doarp. De race bestiet dit jier út twa dagen, ferline jier wie dat der mar ien.

Klaas Rozema fan de organisaasje fynt it evenemint no al in súkses. De winner fan freed is Geert Hobma fan Van Hall Larenstein yn Ljouwert, mei de Sinnetapper. De Sinnetapper wûn ferline jier ek al. Sneon is der wer in race, dan wurdt de sprint fearn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)