NK ôfstannen reedriden net mear iepeningstoernoai

01 jul 2015 - 12:12
  • Thialf foar de ferbouwing

It NK ôfstannen reedriden sil net mear it iepeningstoernoai fan it seizoen wêze. It toernoai is ferskood nei ein desimber yn Thialf. En noch mear feroarings, it NK sprint en it NK allround wurde mienskiplik ein jannewaris 2016 holden, ek yn Thialf. De oanpassings op de nasjonale wedstrydkalinder ha te krijen mei in bettere oansluting op de wedstriden op de ynternasjonale kalinder.

It reedrydseizoen 2015-2016 begjint op 30 oktober mei seleksjewedstriden yn Enschede foar de earste searje fan wrâldbekers en foar de NK ôfstannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)