NK-koartebaan sûnder toppers

10 okt 2006 - 07:27

De organisaasje fan it NK koartebaan swimmen yn Drachten is teloarsteld oer it fuortbliuwen fan de echte grutte toppers.Topswimmers lykas Inge Dekker en Pieter van den Hoogeband hawwe ôfsein. Technysk direkteur Jacco Verhaeren fan it swimbûn hat keazen foar in treningskamp yn Súd Afrika as tarieding op it WK yn maart.

De organisaasje yn Drachten sil noch wol yn petear mei de technysk direkteur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)