NK Kitesurfen yn Murns

01 jun 2010 - 21:58

De Nederlânske kampioenskippen kitesurfen binne sa populêr, dat der no yn Fryslân spesjaal foar jongerein in wedstriid hâlden wurdt. It NK is oars altyd foar surfers fan 16 jier en âlder, mar wurdt no organisearre foar jongeren oant 15 jier. Dizze wedstriid sil lykwols net op see hâlden wurde, mar op 'e Iselmar. Dat is minder gefaarlik.

It evenemint is op 12 en 13 juny yn Murns. Stiet der te min wyn, dan wurdt it evenemint in wike letter hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)