NK IIssilen op Tsjûkemar

10 feb 2012 - 14:01

It Nederlânsk kampioenskip iissilen fynt sneon en snein plak op de Tsjûkemar by Dolsterhuzen. It NK soe hâlden wurde op het IJmeer by Almere, mar dêr is de kwaliteit fan it iis te min. De Tsjûkemar leit der better by. Oan it kampioenskip dogge sa'n 60 silers mei werfân't in stik as fiif út Fryslân komme. Ien fan de favoriten is de kampioen fan twa jier lyn, Dennis de Ruiter. Foar in kampioenskip moatte op syn minst trije races fersyld wurde.
Foar de fjirde kear op rige kin op de Tsjûkemar iissyld wurde.

As de wedstriden snein net dien binne, bygelyks fanwege te min wyn, kin moandei ek noch syld wurde. It kin flink rap gean, soms wol 120 kilometer yn de oere. Ek it NK iissurfen stiet foar dit wykein op it programma op it Wolderwiid by de jachthaven Strand Horst yn de buert fan Ermelo. Dêr dogge sa'n 15 Friezen oan mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)