NK iissilen net op Tsjûkemar

07 jan 2009 - 15:40
  • Op de Tsjûkemar waard iissyld

It NK iissilen is dit wykein net yn Fryslân. It iis op de Tsjûkemar is net dik genôch. It is 7 sintimeter en dat fynt de organisaasje net ferantwurde. De mar yn Grinslân is 10 sintimeter dik en yn goeie kondysje.

Oan it NK dogge sechtich dielnimmers mei en der wurdt in soad publyk ferwachte. It Nederlânsk kampioenskip iissilen duorret fan freed oant en mei snein. Yn 1996 is it foar it lêst hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)