NK hoefizersmiten ûnderdiel fan Oerol

19 jun 2015 - 20:28

Op Oerol koenen besikers freed meidwaan oan it NK hoefizersmiten op de Westerkeyn op Oerol. Neffens Pieter Post, fanatyk dielnimmer en organisator, is it hoefizersmiten de meast ûnderwurdearre sport fan Nederlân. Oft it in offisjele sport is binne de mienings oer ferdield, mar dat makket Post net minder wyld fan de sport.

It hoefizersmiten sels is simpel: wa't it izer fan 10 meter ôfstân it tichtste by de peal wit te smiten, krijt de measte punten en wint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)