NK foar Bergsma en Hospes

03 nov 2010 - 16:03
  • Jorrit Bergsma
  • Jesper Hospes (foto: Martin de jong)

Jorrit Bergsma is ien fan de maratonreedriders dy't freed meidocht op de 5000 meter yn Thialf by de Nederlânske kampioenskippen. De 24-jierrige ynwenner fan Aldeboarn ried ferline jier yn Ruslân 6.28,21 op de 5 km, mar dy tiid moat no ferbettere wurde.

Jesper Hospes fan It Hearrenfean rydt de koartste ôfstân. As de sprinter de beide 500 meters goed trochkomt, kin hy heech yn it klassemint einigje. Beide Friezen soene wolris stunte kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)