NK Falk ôfbrutsen om hurde wyn

31 aug 2012 - 15:41

It NK Falk en it kampioenskip foar de topklasse hat lêst fan 'e hurde wyn. Op 'e Heegemermar giene freedtemiddei flak nei de start trije boatsjes om troch wynpûsters. It gie om twa falkjes en ien út de topklasse. Dêrnei is de wedstriid ôfbrutsen. De seis opfarrenden koene allegearre op 'e tiid út it wetter helle wurde. Se mankeare neat. Der is wol materiële skea. Sneon en snein binne der ek noch wedstriden.

De ôfbrutsen wedstriid fan freed wurdt snein ynhelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)