NK aaismiten nei Makkum

06 mrt 2011 - 14:05
  • In trebuchet

Yn Makkum wurdt dizze simmer foar it earst it iepen NK aaismiten hâlden. Dat is al spesjaal, mar noch spesjaler is dat minsken ek midsieuske striidwapens brûke meie om de aaien de loft yn te slingerjen. Njonken it gewoane aaismiten is dit ûnderdiel mei de saneamde trebuchet tige populêr yn Ingelân. De winners yn Makkum dogge ek mei oan it WK aaismiten yn Ingelân.

De organisaasje yn Makkum hopet mei it evenemint tûzenen besikers te lûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)