NK aaismiten ferhuzet fan Makkum nei Boalsert

22 apr 2015 - 17:44
  • Iepen NK aaismiten

Makkum is net langer it plak foar it jierlikse Iepen Nederlansk kampioenskip aaismiten. It evenemint ferhuzet nei de Bargefenne yn Boalsert. De ûndernimmers fan Boalsert sjogge yn it NK aaismiten in moaie mooglikheid om besikers te lûken.

Sûnt 2012 wie de Merk yn Makkum it plak foar de kampioenskippen. Der kamen yn de regel tûzenen taskôgers op ôf. Dielnimmers wiene de toppers út Nederlân, mar ek de kampioenen út Ingelân, Skotlân en Ierlân diene mei.

It belangrykste ûnderdiel fan it NK aaismiten is it goaien oer ôfstân. It rekôr stiet no op goed 76 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)