Njonken 'Sjong' no ek 'F-rap'

04 mrt 2008 - 13:40
  • De poster foar de finale fan SjONG en FRAP

It Fryske sjongfestival SjONG foar learlingen fan fuortset ûnderwiis hat dit jier ek in rapwedstriid. De organisaasje hopet mei rapbattle F-rap mear jonges foar it evenemint te ynteressearjen. SjONG en F-rap binne bedoeld foar bern fan 12 oant 18 jier.

It is it doel dat alle dielnimmers in eigen Frysktalige tekst foar it fuotljocht bringe op in besteande meldij of beat. Opjaan kin oant 15 maart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)