Njoggentich bern dogge mei oan de simmerskoalle

03 aug 2015 - 18:53
  • De simmerskoalle betsjut net allinnich stilsitte
  • Twa dielnimmers oan de simmerskoalle

Njoggentich bern dogge dit jier mei oan de simmerskoalle yn Ljouwert. It giet om bern dy't yn septimber nei groep 6,7 of 8 sille. Se krije dizze twa lêste wiken fan de simmerfakânsje ekstra lessen yn rekkenjen en taal. De simmerskoalle betsjut foar de bern net dat se allinnich mar binnen sitte. Neffens organisator Koos Pot sille de bern dit jier ûnder oaren kanofarre, mei muzyk oan de slach en binne der aktiviteiten op it beachfjild.

Pot hopet dat der folgjend jier ek mooglikheden komme foar bern dy't nei de brêgeklasse sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)