Njoggende ferlies foar Drachtster Boys

28 nov 2015 - 17:15
  • Drachtster Boys

Drachtster Boys rûn sneon tsjin it njoggende ferlies oan. Yn Hoogeveen ferlear de ploech fan Marcel van Buuren mei 3-2 fan HZVV. Yn de 22e minút kamen de Drachtsters op efterstân. Iloba Achuna sette de Drachtster lykmakker op it boerd. Nei rêst naam de thúsploech mei noch 10 minuten op 'e klok op 'e nij de foarsprong, mar Kevin Bakels brocht de stân wer yn it lykwicht. Yn ekstra tiid krigen de Boys it lid op 'e noas, doe't HZVV de winnende treffer makke.

Troch it ferlies bliuwe de Drachtsters stykjen op 2 punten út 11 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)