Njoggende ferlies De Jouwer

17 nov 2013 - 16:03
  • In fuotbal

De Jouwer is snein tsjin it njoggende ferlies fan it seizoen oanrûn. Yn Utrecht waard mei 5-1 ferlern fan Hercules. Binnen in healoere hie de thúsploech al twa treffers yn it net lizzen. Martijn Dijk makke fan 11 meter ôf de oanslutingstreffer, neidat Ralph Wietses troch de Hercules-keeper ûnderút helle wie. Hercules moast mei 10 man fierder.

Nei rêst makken de Utrechters fuort de 3-1, wat foar yrritaasje soarge by de Jousters. Sido Oosterhof krige twa kear giel. Hercules koe de wedstriid dêrnei ienfâldich útspylje.

De ploech fan Wieb Rodenhuis bliuwt troch it ferlies op 3 punten út 10 wedstriden stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)