Njoggen yllegalen oan it wurk

26 jul 2006 - 17:58

De Arbeidsynspeksje en de frjemdlingeplysje hawwe by in kontrôle yn Sint Anne meiïnoar njoggen oertredings opspoard. Fan de 25 minsken dy't op in ikker oan it wurk wiene, hiene njoggen minsken gjin wurkfergunning.

Ien frjemdling wie yllegaal yn Nederlân. Dy sil ynkoarten it lân ferlitte. De wurkjouwer en de eigner fan de ikker krije dêr hege boetes foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)