Njoggen oanhâldings yn Snits

06 aug 2014 - 11:58

De plysje fan Snits hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei njoggen minsken yn de festiviteiten fan de Snitswike oanhâlden. Twa jongeren lieten by in kontrôle de identiteitskaarten fan oare minsken sjen. In autobestjoerder krige in bekeuring om't er te folle alkohol dronken hie. Trije besikers hienen drugs by harren en de lêste trije oanhâldings waarden dien fanwege in mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)