Njoggen oanhâldingen nei grutte fjochtpartij op De Lemmer

14 mrt 2016 - 14:26

De plysje hat sneintemoarn betiid njoggen minsken oppakt nei in massale fjochtpartij op De Lemmer. De belutsenen komme fan It Hearrenfean en De Lemmer. Foarôfgeand oan de fjochtpartij wie it al ûnrêstich yn en by restaurant De Baai van Lemmer oan de Vuurtorenweg.

Nei de fjochtpartij hawwe ferskate minsken oanjefte dien fan geweld en mishanneling. De plysje siket no tsjûgen fan it ynsidint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)