Njoggen miljoen yn Wolvegea

16 apr 2012 - 12:53

Yn Wolvegea is in jackpotpriis fan njoggen miljoen euro fallen. It winnende lot fan de Lotto gie oer de toanbank by de pleatslike Primerawinkel oan de Haadstrjitte-East. Earder is yn deselde winkel ek alris in steatslot ferkocht dêr't in miljoen op fallen is, mar sa'n grutte priis foel net earder.

Yn de Primerawinkel binne in pear hûndert lotten fan de Lotto ferkocht. Wa't de gelokkige nije miljonêr is, wite de winkellju net. It echtpear Van Wijhe fan de winkel is wol út de skroeven oer de priis.

Der kamen moandei in soad minsken yn 'e winkel om har lotten kontrolearje te litten, mar dêr siet de jackpotpriis net by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)