Njoggen jier sel tsjin Roemeen

29 maaie 2013 - 13:54

Tsjin de Roemeen dy't minsken mishannele hat en twongen hat om strjitkranten te ferkeapjen, is njoggen jier sel easke. Dizze straf easke it Iepenbier Ministearje tongersdei by de Ljouwerter rjochtbank. Tsjin de oare leden fan it Roemeenske gesin is 4 en 2,5 jier sel easke. De grutste slachtoffers binne twa famkes fan 13 en 14 jier, se binne swier mishannele. Geregeld binne se oeren achter inoar yn mekoar slein. It is foar it earst yn Nederlân dat minskehannel en 'dwingen tot bedelarij' oplein is yn in rjochtsaak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)