Njoggen jier sel plus TBS

28 jul 2011 - 17:08
  • It gerjochtshôf yn Ljouwert

Tsjin in man út Zandvoort is yn heger berop njoggen jier sel mei TBS easke, foar in tal oerfallen. Trije jier lyn oerfoel er mei oaren tekstyl- en drogisterijsaken yn ûnder oare Burgum, Stiens en Wolvegea. De man brûkte dêr in neppistoal by dat krekt echt like.

Neffens it Pieter Baan Centrum hat de fertochte in persoanlikheidsstoarnis. Dêrom is bûten de selstraf ek TBS easke. De rjochtbank feroardiele him earder ek al ta 9 jier sel mei TBS.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)