Njoggen ferwûnen by busûngelok

06 jan 2014 - 08:26
  • Helpferlieners binne dwaande de ferwûnen te behanneljen
  • De bus fleach út de bocht
  • By deiljocht is goed te sjen hoe hurd de klap west hat

By de Tolhekbuert hat moandeitemoarn om acht oere in ûngelok mei in linebus fan Qbuzz west. De bus wie in kilometer dêrfoar fan de A7 Drachten-It Hearrenfean kaam, út de bocht flein, it gers ynriden en tsjin in beam ta stilstân kaam. Neffens de plysje binne njoggen passazjiers lichtferwûne rekke. Sy hawwe ferwûnings oan it gesicht en de nekke. Acht fan de slachtoffers binne nei it sikehûs brocht.

De dyk tusken de Tolhekbuert en de Swynswei hat ôfset west fanwege it ûngelok. Ferkear koe omride oer Boarnburgum.

Der sieten fyftjin passazjiers yn de bus, meldt Qbuzz. De minsken dy't net ferwûne rekke binne, binne sa gau mooglik wer nei hûs ta brocht. De sjauffeur hat allinnich wat lêst fan de knibbel, seit de busferfierder. Qbuzz lit moandeitemiddei ien of mear meiwurkers nei it sikehûs ta gean om te sjen hoe't it mei de slachtoffers giet.

De plysje kin gjin oarsaak fine fan it busûngelok. De bus wie technysk in oarder, sa is de konklúzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)